Auto yn beslach naam
De plysje hat woansdei de auto fan in frou (31) út Hurdegaryp yn beslach naam. Plysjes seagen de frou al beljend riden troch de Bodaanstrjitte. De plysjes wisten boppedat dat de frou gjin jildich rydbewiis hat.
De frou hat al twa kear in proses-ferbaal krigen foar it riden sûnder rydbewiis. No is de auto dus yn beslach naam.