Heale finalisten FK Pelote

15 jun 2011 - 22:40

De fjouwer heale finalisten fan it 13e Iepen Frysk kampioenskip Jeu de Pelote yn Easterlittens binne bekend. Wytmarsum wie tiisdei troch de winst op Wjelsryp al safier. Woansdei kamen dêr Dronryp, Easterein en Littens by.

Dronryp wûn op it smûke plein fan Easterlittens mei 8-3 fan Baard. It thúsdoarp, de kampioen fan ferline jier, wûn muoisum mei 7-5 fan Jorwert. Easterein wie mei 7-4 te sterk foar Winsum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)