Provinsje yn oandielen Vitens

15 jun 2011 - 21:06

Provinsjale Steaten hawwe woansdei ynstimd mei de oankeap fan oandielen yn wetterbedriuw Vitens. It giet om 13 persint. Dêrmei soe de provinsje in mearderheid hawwe. De oandielen kostje hast 53 miljoen euro en wurde betelle út de NUON-jilden. Mei de oankeap hopet de provinsje ûnder oaren op mear wurkgelegenheid en mear jild foar wettertechnology.

De opposysje is minder posityf. Dy wol hurde ôfspraken mei Vitens meitsje oer it doel fan it bedriuw.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)