Ryksjild foar lânskip hâldt op

15 jun 2011 - 16:51

It ryk stekt net langer jild yn nasjonale lânskippen. Yn Fryslân giet it om it beskermjen fan Súdwest Fryslân en de Noardlike Fryske Wâlden. De minister hat dit besletten. De provinsjes moatte har tenei sels rêde.

Fryslân moat al flink besunigje en hat it jild sels net. De provinsje jout himsels in jier de tiid om in oplossing te finen foar de besuniging. Nasjonale lânskippen binne wat oars as nasjonale parken, lykas De Alde Feanen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)