Aldehou offisjeel weriepene

15 jun 2011 - 12:30

De Aldehou yn Ljouwert is offisjeel wer iepen foar publyk. De toer is flink oanpakt en wie in skoft ticht foar publyk. Bern fan iepenbiere basisskoalle De Oldenije út Ljouwert wiene woansdei by de iepening. Se lieten boppe op de toer ballonnen los.

De Aldehou hâldt woansdei iepen dei. Dat is de stjerdei fan Sint Vitus, de beskermhillige fan Ljouwert en nammejouwer fan de eardere Sint Vitustsjerke. Yn de toer is in lift kaam en der is in audiotoer makke.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)