Plan foar toeristebelesting

Opsterlân wol toeristebelesting heffe. De gemeente wol rekreaasjeûndernimmers jierliks in heffing oplizze fan 4 prosint oer de omset fan oernachtings.
It giet om in nij foarstel fan it kolleezje. De gemeenteried gie earder net akkoart mei in heffing fan ien euro per persoan per oernachting. Der kaam ferset fan de ûndernimmers. Benammen foar lytse bedriuwen soe dat in te swiere belêsting wêze. De ried praat meikoarten oer it nije plan dat jierliks hast oardel ton opsmite moat.