Strippekaart mooglik langer

15 jun 2011 - 10:55

De strippekaart bliuwt mooglik langer. In mearderheid yn de Twadde Keamer wol earst dat de problemen mei de ov-chipkaart oplost binne, foar't de strippekaart ferdwynt. Deputearre Johannes Kramer neamt dat beslút in minne saak.

De provinsje wol de strippekaart mei yngong fan 30 juny skrasse. Dat soe al yn desimber, mar doe wiene Grinslân en Drinte noch net sa fiar. Eventuele skeaclaims fan ferfierders stjoert de provinsje troch nei it ryk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)