Fearboat Skylge op tiid klear

15 jun 2011 - 10:44

De skroef fan de boat nei Skylge rekke moandei skansearre by in ûngelok yn de fargeul De Slenk. De fearboat Midsland moast útwike foar in jacht en rekke de grûn mei de achterkant. It skip koe op eigen krêft nei Skylge farre, mar leit no op in werf yn Harns. Rederij Doeksen hat it skip foar de drokte fan Oerol klear. Tongersdei soe it skip wer farre moatte. Oerol begjint freed.

De sneltsjinst fart ekstra. It materieel foar Oerol wurdt mei in hierd frachtskip ferfierd.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)