Wer kontenerbrân yn Ljouwert

15 jun 2011 - 09:59

Yn Ljouwert binne tiisdeitenacht opnij konteners yn de brân stutsen. It giet om trije stiks yn de Giekerkstraat, de Jolstraat en de Tjalkstraat. Se binne tusken healwei trijen en trije oere nachts yn de brân stutsen. De plysje hat de dieder net fûn.

Der binne yn de ôfrûne moannen folle faker konteners yn de brân stutsen yn Ljouwert. De plysje advisearret minsken om de kontener pas moarns by de dyk te setten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)