'Fernij de Ofslútdyk'

It provinsjebestjoer hâldt fêst oan de plannen om de Ofslútdyk te fernijen. De kommisje Nijpels makke koartlyn bekend dat allinnich in ferbettering fan de feilichheid mei in nije asfaltlaach finansjeel helber is.
Woansdei wurdt yn Den Haach oerlein oer de dyk. Deputearre Tineke Schokker sil dêr de steatsiktaris fertelle dat Fryslân net allinnich in nije asfaltlaach op de Ofslútdyk wol.