Bart Helmholt oer 20 meter

14 jun 2011 - 22:57

Bart Helmholt hat yn de fiifde wedstriid fan it seizoen as earste in sprong oer de tweintich meter ljept. Yn Gryptsjerk kaam de hâlder fan it Nederlânsk en Frysk rekôr nei 20.18 meter yn it sânbêd. Hannes Scherjon waard twadde mei 19.31, Nard Brandsma tredde mei 19.26.

By de junioaren wûn Hans Ulco de Boer syn tredde wedstriid op rige mei 17.87. Hiske Galama wie by de froulju mei 14.28 de bêste. Sytse Bokma pakte by de jonges syn fiifde winst mei 16.57.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)