Ried Hearrenfean moat kieze

De gemeenteried fan Hearrenfean moat foar iens en foargoed in kar meitsje wat it mei Smellingerlân oan wol. De nije boargemaster Tjeerd van der Zwan wol helderheid oer in kar foar Smellingerlân of in takomst mei Opsterlân.
Dat sei Van der Zwan by syn oanstelling op It Hearrenfean. Neffens Smellingerlân is der sprake fan ferkearing, mar de provinsje wol sa'n fúzje net lije. Neffens Van der Zwan soe amtlike gearwurking ek kinne.