Seldsume fûgel by Pikesyl

14 jun 2011 - 20:28
Steltklút yn byld

By Pikesyl tusken Abbegea en Aldegea rint in fûgeltsje om dat in soad leafhawwers lûkt fan seldsume soarten. Dit wykein waard der in terekruiter sjoen, in steltrinner dy't as dwaalgast út Siberië komt.

De fûgel sit yn in nij natoergebiet dat lâns it spoar oanlein is. It gebiet lûkt mear seldsume soarten steltrinners. Bysûnder is ek dat de seldsume steltklút dizze maitiid in nêst hie en twa jongen útbret hat.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)