Noarden wol jild út Brussel

14 jun 2011 - 17:16

Europa moat de trije noardlike provinsjes yn 2013 miljoenen euro's subsydzje jaan foar duorsume enerzjy en wettertechnology. Dat is it boadskip dy't in spesjale delegaasje nije wike tiisdei oerbringe wol yn Brussel. Yn de perioade 2007-2013 hat de Europeeske Kommisje mei-inoar 169 miljoen foar it Noarden útlutsen.

Dat jild is lykwols no al op. It Noarden moat der sadwaande om tinke dat ek de kommende tiid noch Europeesk jild foar it Noarden beskikber is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)