Gemeente Hearrenfean besuniget

De gemeente Hearrenfean hat nochris dik fjouwer miljoen euro oan nije besunigings fûn. Dat is tiisdei bekend makke. Mei-inoar moat de gemeente yn 2014 njoggen miljoen euro besparje. Dêrfoar wie earder ek al hast fjouwer miljoen euro oan besunigings fûn.
De nije besunigings betsjutte dat der in miljoen minder oan subsydzjes útjûn wurdt. Ek moat it snijen yn regels 300.000 tûzen opsmite en op it ûnderhâld fan it iepenbier grien wurdt 250.000 euro besparre.