Froulju stelle blikjes bier

Twa froulju fan 20 en 31 jier út Ljouwert binne moandeitenacht oanhâlden omdat se fiif blikjes bier stellen hiene. De froulju hiene it bier besteld by in jûnswinkel en lieten it besoargje by har auto yn de Nieuweburen. Doe't se it bier hiene, naaiden se út. De meiwurker (36) fan de winkel sette de achterfolging yn.
Doe't hy de auto yn de Anemoonstrjitte seach warskôge hy de plysje. Doe't dy oanbelle by it hûs fan de fertochten, hearden se it lûd fan lege blikjes.