Soad bekeurings motorriders

14 jun 2011 - 10:09

De plysje hat moandei hûnderten bekeurings útdield oan dielnimmers oan de alvestêdetocht foar motorriders. By in radarkontrôle op de dyk fan Wâldsein nei Spannenburch waarden 350 motorriders flitst. Trije motorriders rieden sa hurd dat se harren rydbewiis kwytrekken.

By Reitsum waard in Ljouwerter (22) oanhâlden dy't 150 kilometer ried. In motorrider (19) út Amersfoort helle by Lichtaard 165 kilometer. In man (32) út Aldeberkeap ried 171 km by Burdaard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)