Oanjefte om kampearbuorkerij

13 jun 2011 - 17:17

De kristlike jeugdferiening fan de herfoarme tsjerke út Broek op Langedijk hat oanjefte dien fan mishanneling yn Bakkefean. De groep wie ôfrûne wykein yn kampearbuorkerij De Harmsdobbe. Dêr foel Bakkefeanster jeugd harren oan yn de sliepseal. Se sloegen mei stokken en bierflessen.

De eigners fan de kampearbuorkerij warskôgje Bakkefeansters yn in iepen brief better om de eigen jeugd te tinken. It docht it imago fan it doarp Bakkefean ek gjin goed, fine se.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)