Ynbrekkers kelderboks oppakt
De plysje hat sneintenacht fjouwer Ljouwerters fan 19 en 20 jier oanhâlden nei't se ynbrutsen hiene yn in kelderboks fan in flat oan De Kei yn harren wenplak. In tsjûge seach de manlju omhingjen by de kelder. Doe't er in hurde klap hearde en it groepke útnaaide, warskôge de man de plysje. Dy koe de groep op de Ludinga oanhâlde. De ynbrekkers hiene de doar mei in stien fernield.
Foar safier bekend is der neat út de kelder stellen.