Bewegingssintrum wint EK

13 jun 2011 - 14:13
De winnende ploech

It demoteam fan it Bewegingssintrum yn Drachten is Europeesk kampioen wurden yn de kategory senior-jazz. De Europeeske kampioenskippen waarden hâlden yn Bottrop yn Dútslân.

De groep giet no nei it Amerikaanske Florida om mei te dwaan oan in folgjende wedstriid. It winnende demoteam wurdt traind troch Natasja Hoekstra.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)