Kamminga en Ariëns kampioen

Manon Kamminga fan Haulerwyk en Crispijn Ariëns fan It Hearrenfean ha yn Otterlo de nasjonale titels pakt op it NK maraton. Kamminga, de ôfrûne wiken al súksesfol op 'e dyk en baan mei yn totaal sân titels, wie yn de einsprint Mariska Huisman en Elma de Vries de baas. Dit trio hie in rûntsje foarsprong op it peloton.
Crispijn Ariëns wûn solo de titel by de manlju. Ingmar Berga besocht noch wol om by Ariëns te kommen, mar doe't dat slagge, wie de akku leech.