Dekemastate fiert 10e jierdei

11 jun 2011 - 17:05

Dekemastate yn Jelsum wie sneon tsien jier iepen foar it publyk en om dat te fieren hie it bestjoer in feestje organisearre op de lanlike kastieledei. Ald-eigner fan de stins, Koos van Wageningen, wie offisier by de Fryske Skutterij en hat yn 1831 fochten tsjin de Belgen.

Dêrom wie de Skutterij fan Den Bosch útnoege om by Dekemastate in demonstraasje te jaan. In tsiental skutters mei gewearen en yn orizjineel tenu spilen it spul sa serieus mooglik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)