Sluzen Harns minder faak iepen

11 jun 2011 - 15:17

Troch de droechte gean de sluzen by Harns minder faak iepen foar boaten. Wetterskip Fryslân en de provinsje ha de maatregel ynfierd sadat der net tefolle sâlt wetter ús provinsje ynkomt. Foar it boatferkear betsjut it, langere wachttiden by de sluzen.

By it iepenjen fan 'e sluzen komt altyd seewetter mei. Dat soarget foar fersilting fan it lân en dus droechte. Dêrom gean de Tjerk Hiddessluzen no pas iepen as der genôch boaten foar lizze. De maatregel is tydlik.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)