Man skopt tsjin plysjeruten

11 jun 2011 - 13:39

De plysje hat freed op de Houtwâl yn Easterwâlde in 53-jierrige Dokkumer oanhâlden op fertinking fan fernielerij fan in plysje-auto. De plysje fûn de man doe't er swier beskonken op it Stipeplein lei.

De Dokkumer hie in kaai fan in hotelkeamer by him en de plysje hat him dêrhinne brocht. Wylst se mei de resepsjoniste stiene te praten seagen se dat de man, dy't noch yn de plysje-auto siet, tsjin de autoruten oan skopte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)