Wyldkampearders by Lauwersmar

Yn it Lauwersmargebiet binne hieltyd mear wyldkampearders. It giet dan benammen om campers dy't nachts op plakken steane dêr't dat net mei. It is in stikel yn de foet fan campinghâlders. Dy hawwe de campers leaver op de camping.
De campinghâlders wolle dat de plysje strenger optreedt tsjin wyldkampearders en de campers nei omlizzende campings tastjoert. Yn it gebiet binne jierliks sa'n 1000 wyldkampearders.