Mishanneling yn Frijheidswyk

11 jun 2011 - 12:27

De plysje hat freed op de Wierdastrjitte yn Ljouwert in man, in frou en in famke oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling. De plysje krige in melding dat der in man op de dyk lei dy't mishannele wie. Der waard ek in sinjalemint jûn fan ien fan de mooglike dieders.

It slachtoffer wie bewusteleas en hie ferwûnings oan de holle. De mooglike dieder stie derneist en waard oppakt. Undersyk wiisde út dat de frou en it famke der miskyn ek mei te krijen hiene.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)