Soargen om Fryske kultuer

11 jun 2011 - 09:00

Fryske politisy binne min te sprekken oer de kultuerbesunigings fan steatssekretaris Halbe Zijlstra. Benammen de besuniging op Tryater soarget foar ûnrêst by de politisy.

Tom van Mourik fan de VVD-steatefraksje sil syn partij yn Den Haach oansprekke op de besunigings. Ek Sander de Rouwe fan koalysjepartner CDA is fernuvere oer de foarstellen fan de steatssekretaris. PvdA-keamerlid Luts Jacobi wol besykje mei it CDA en de PVV de plannen te kearen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)