Alkoholprevinsje op it Waad

(Foto: argyf Omrop Fryslân)
Jongeren dy't dizze simmer op fakânsje sille nei de Waadeilannen, kinne samar oansprutsen wurde op harren alkoholgebrûk. It giet om in nij inisjatyf fan GGZ Fryslân en bierbrouwer Heineken.
In spesjaal kampanjeteam is op de Waadeilannen om jongeren te wizen op de gefaren fan it drinken fan tefolle alkohol. Kampings dy't de kampanje stypje krije in spesjaal karmerk.