Marit Bouwmeester koprinner

10 jun 2011 - 20:14

Marit Bouwmeester begjint sneon as koprinner oan de medaljerace yn de Laser radial. Yn de Sail for Gold Regatta yn Weymouth (Súd-Ingelân) waard de sylster út Warten yn de races fan freed 10e en 15e. Dat wie genôch om it earste plak oer te nimmen. Yn de medaljerace sile de bêste tsien fan it klassemint en telle de punten dûbel.

Pieter-Jan Postma yn de Finn en Roelof Bouwmeester yn de Laser hellen de finale net. Postma waard 13e en Bouwmeester sakke nei it 20e plak.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)