Flyers moatte kampioen wurde

10 jun 2011 - 16:57

De iishockeyers fan de Heerenveen Flyers moatte binnen trije jier kampioen fan Nederlân wurde. Dy ambisjeuze doelstelling hat de klup freed nei bûten brocht. De foarsitter wol der noch net mear oer kwyt. Ein juny komt der in presintaasje dêr't de sportive en kommersjele details fan de plannen útlein wurde sille.

De Flyers einigen dit jier as tredde yn de kompetysje en waarden yn de kwartfinale fan de play-offs útskeakele troch Geleen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)