Maatregels tsjin de droechte

10 jun 2011 - 15:29

De provinsje en Wetterskip Fryslân nimme ekstra maatregels fanwege de droechte. It Wetterskip sil om de wetterkwaliteit goed te hâlden ekstra kontrolearje oft boatsjefarders har smoarge wetter net loaze op it oerflaktewetter.

Om foar te kommen dat der fia de Tsjerk Hiddesslûzen yn Harns tefolle sâlt de Fryske boezem ynstreamt, sil de slús fan freed ôf beheind betsjinne wurde. Allinnich by in folle slûs sil der skut wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)