Grutte boekebeurs yn WTC
Yn it WTC Expo yn Ljouwert is freed in begjin makke mei de ynrjochting fan in grutte boekebeurs. Oant en mei moandei bringe tolve frachtweinen meielkoar ien miljoen nije boeken nei de beurs, dy't dan nije wike tongersdei fan start giet.
Ljouwert hat de noardlike primeur fan Het Boekenfestijn. De organisaasje ferwachtet sa'n 30.000 boekeleafhawwers.