Felgen stellen yn Jobbegea

10 jun 2011 - 14:49

In 18-jierrige Jobbegeaster en in 26-jierrige frou út De Himrik binne oanhâlden foar stellerij fan felgen.

In 61-jierrige man fan Jobbegea seach dat it duo op syn bedriuwsterrein oan de Singel felgen fan in auto hellen. It duo sette ôf en de man folge harren. Hy hie ûndertusken de plysje belle, dy't de fertochten oanhâlde koe. Yn de auto fûnen se in tal felgen. De 26-jierrige bestjoerster hie boppedat tefolle dronken, har rydewiis is ynnommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)