Nij CDA-riedslid West'werf

10 jun 2011 - 11:54

Annet ter Horst út Blesdike sil Gerrit Nagel út Wolvegea opfolgje as riedslid fan de CDA-fraksje yn Weststellingwerf. Nagel hâldt op omdat hy it riedswurk net langer kombinearje kin mei syn wurk.

Mei Ter Horst kiest it CDA foar in riedslid mei ûnderfining. Se siet earder yn de ried, doe as opfolger fan de ferstoarne Eelke Bakker. It CDA hat trije sitten yn de ried.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)