Problemen by gearwurking

10 jun 2011 - 11:51

De gemeenten Achtkarspelen en Kollumerlân sille meielkoar om tafel om te praten oer de problemen by de gearwurking fan de ôfdieling sosjale saken.

De gemeenten wurkje fan 2000 ôf gear op dit mêd. Mar it docht no bliken dat se beide jild by elkoar kleme om't de administraasje net op oarder wêze soe. Yn totaal giet it om tonnen. De gemeentesekretarissen sille no besykje om de problemen op te lossen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)