Littenseradiel it feilichst
De gemeente Littenseradiel is yn 2011 wer de feilichste gemeente fan Nederlân. Dit docht bliken út de jierlikse Misdiedmeter fan it Algemeen Dagblad. Ferline jier en yn 2007 wie Littenseradiel ek feilichste gemeente fan it lân.
Yn de jierren 2008 en 2009 stie de gemeente yn de top fiif. De list is gearstald oan de hân fan plysjerapporten.