Camping Abe-Lenstrastadion

09 jun 2011 - 22:12

37 Fans fan SC Hearrenfean hawwe de nacht fan tongersdei op freed oernachte op it fjild yn it Abe Lenstrastadion. De klup en haadsponsor Univé hiene 18 tinten op it fjild set en in wedstryd útskreaun foar wa't in kear yn it stadion sliepe woe. It levere hûnderten reaksjes op en úteinlik dus 37 lokkige fans.

Se krigen ek noch in rûnlieding troch it stadion en in barbecue njonken it fjild. Om't der in soad wyn wie moasten de tinten fêstset wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)