Olijnsma wint yn Dronryp

09 jun 2011 - 20:44

It partoer Martijn Olijnsma, Hylke Bruinsma en Marten Feenstra hat tongersdeitejûn de haadklasse keatspartij yn Dronryp wûn. De finale fan de partij koe ôfrûne snein troch it minne waar net spile wurde en waard útsteld.

Yn de finale wie it partoer fan Olijnsma te sterk foar it partoer fan Jan Dirk de Groot, Renze Pieter Hiemstra en Pier Piersma. It waard 5-4 en 6-0. Martijn Olijnsma waard kening fan dizze Eise Eisingapartij.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)