Ynfosintrum wrâlderfguod Waad

De iepening fan it sintrum (foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma)
Yn Lauwerseach is Hallo Waddenzee iepene. It giet om it earste wrâlderfguod-ynformaasjesintrum foar de Waadsee yn it Noarden. It inisjatyf komt fan Ib Huysman fan de natoerskoalle yn Grins, omdat der al mear bûtenlânske toeristen nei it Waadgebiet komme.
By it sintrum kinne ekskurzjes boekt wurde en binne eksposysjes te sjen. Ek wurdt gearwurke mei de Waadferiening om de nijste ynformaasje jaan te kinnen oer it Waad.