Priis foar Doniastate Stiens
Bernebuorkerij Doniastate yn Stiens is it "Leukste Uitje van het Jaar" yn Fryslân. Attraksjepark De Efteling hat de lanlike priis wûn.
Dat docht bliken út in ferkiezing ûnder leden fan de ANWB. Dy koene fia de webside landvananwb.nl harren favorite útstapke oanjaan. Der binne mear as 60.000 stimmen útbrocht.