Super sportdei op It Fean

09 jun 2011 - 14:35

Jongeren dy't hiel dreech leare kinne hawwe tongersdei oan it sporten west yn it Abe Lenstrastadion. It giet dan om sporten dy't bern gewoanwei net dogge. Hast 400 jongeren tusken de 10 en 20 jier koene kieze út 24 ferskillende sporten, lykas wetterpolo en bôgesjitten. De dei wie in grut súkses.

De sportdei waard mooglik makke troch ferskate fûnsen, Sportstêd Hearrenfean en ferskate Fryske gemeenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)