Ljouwerter swaait mei swurd
In 19-jierrige Ljouwerter swaaide woansdeitejûn mei in swurd yn in boarterstûn yn Ljouwert.
Tsjûgen bellen dêrom de plysje. Dy fûnen it swurd fan sa'n 70 sintimeter yn de broeksbokse fan de man. It wapen is yn beslach naam. Tsjin de man is proses-ferbaal foar ferbean wapenbesit opmakke.