Plysje lûkt fjoerwapen

09 jun 2011 - 10:44

In 27-jierrige Ljouwerter hat in plysjeman woansdei sa swier bedrige, dat de plysje syn fjoerwapen lutsen hat. Mei help fan kollega's koe de man úteinlik oanhâlden wurde.

De plysje siet achter de man oan, nei't dy tegearre mei in maat in minybike en in motorscooter stellen hie fan in 20-jierrige man út Stiens. Se hiene in ôfspraak mei de eigner makke om de motoaren te keapjen, mar naaiden ûnder de proefrit út.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)