Poging ta deaslach De Lemmer

In 22-jierrige automobilist fan De Lemmer wurdt troch de plysje fertocht fan in poging ta deaslach. De man soe woansdei yn syn wenplak in fytsende frou en har berntsje mei opsetsin hast oanriden hawwe. Dat die er neidat de frou him mei in gebaar dúdlik makke hie dat se fûn dat hy te hurd ried. Neidat er de frou ek noch bedrige hie, ried de Lemster fuort.
Hy koe oanhâlden wurde, omdat in tsjûge syn kenteken opskreaun hie. De man is fêstsetten.