Minima tefreden oer regelingen

09 jun 2011 - 10:02

Minima yn Tytsjerksteradiel binne tefreden oer de regelingen dy't der foar har binne. Dat docht bliken út in ûndersyk fan de gemeente. Dy krijt in 7,5 foar de regelingen. It meast tefreden binne se oer de kollektive syktekostefersekering.

Neist it eigen ûndersyk hat de gemeente it Nibud frege om te ûndersykjen oft de regelingen ek effekt ha. Dêr docht út bliken dat minima yn Tytsjerksteradiel better ôf binne as de gemiddelde minima.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)