PJ-priis Aggie van der Meer

Aggie van der Meer (foto: Friesepersboekerij)
Aggie van der Meer út Boalsert is de winner fan de Piter Jellespriis oer de perioade 2005 oant en mei 2009. Se krijt de priis foar har histoaryske roman 'Oerfeart'. Oan de priis is in jildbedrach fan 5.000 euro ferbûn.
De Piter Jellespriis is ynsteld troch de gemeente Ljouwert en wurdt beskikber steld foar alle sjenres op it mêd fan de letteren yn de Fryske en Nederlânske taal.