Wout ûnderweis op Alpe d'Huez

09 jun 2011 - 09:34

Sterke man Wout Zijlstra fan Folsgeare is tongersdeitemoarn begongen oan de beklimming fan de Alpe d'Huez. Hy docht dit mei tûzenen oare fytsers om jild yn te sammeljen foar de kankerbestriding. Wout docht mei, omdat syn kollega in soan fan 13 jier ferlern hat oan kanker.

Guon dielnimmers fytse wol seis kear by de berch op, mar Wout is bliid as hy ien kear de top hellet. Syn fyts wurdt feild foar it goede doel. Fia dizze webside kinne jo meibiede.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)