Jouster learaar langer fêst

08 jun 2011 - 20:44

De 32-jierrige Jouster dosint en fuotbaltrainer mei berneporno op syn kompjûter bliuwt noch 30 dagen langer fêstsitten. Dat lit it Iepenbier Ministearje fia twitter witte.

De man hat op de Van Kleffensskoalle op It Hearrenfean en by in fuotbalteam fan SC Joure sa'n 300 foto's makke fan dûsende jonges. De man joech les op de skoalle en wie trainer fan it fuotbalteam. De Jouster is begjin maaie oppakt.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)