Rûte fytsalvestêdetocht skjin

08 jun 2011 - 17:30

It parkoers fan de fytsalvestêdetocht wurdt skjinmakke. In feimasine hellet losse stientsjes en oare saken fuort. Dat moat de kâns op in lekke bân folle minder meitsje.

Jilke Wijnja fan de gemeente Súdwest-Fryslân nimt mei 90 kilometer it grutste part foar syn rekken. De masine faget 5 km yn de oere. Tongersdei healwei de middei tinkt Wijnja klear te wêzen. De fytsalvestêdetocht is op Pinkstermoandei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)