Identiteit racefytser bekend

08 jun 2011 - 17:07

De ûnbekende racefytser dy't tiisdei swier ferwûne rekke by Jellum, is in 51-jierrige Ljouwerter. De man waard oanriden doe't er fan in fytspaad ôf de dyk op ried. Hy wie der sa slim oan ta dat er net heard wurde koe. De plysje hat op ferskate manieren besocht derachter te kommen om wa't it giet. Oan de hân fan tips koe de plysje de identiteit fan de man achterhelje. Famylje hat de man dêrnei yn it sikehûs yn Grins identifisearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)